Kollum: "Ok boomer"

07 mrt 2020 - 09:10

"Louis le Roy wie foar my yn myn jeugd in bekende foarbygonger. Dat wol sizze, hy wenne oan de Prins Bernardweg en wy wienen thús boer oan de Marijemuoiwei, beide yn Oranjewâld. Le Roy wie in aparte ferskining, je soene him flamboyant neame kinne. Mar dêr wennen mear fan yn it doarp. In strieljagerpiloat, in pottebakster en in bankdirekteur dy't mei de hûn troch de bosk skarrele wylst er de krante lies en dus geregeld tsjin in beam oan rûn. It wie in moai plak om op te groeien.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Ien fan de fêste passanten wie Louis le Roy. Hy klaaide him faak yn kakykleurige klean, mar syn meast yn it each springende garderôbe-item wie syn ûnôfskiedlike alpinopet. As lytse jonges fûnen wy it mar wat in aparte man, hy trape alle wiken wol in kear as wat by ús del, op wei nei de IJntzeleane yn Mildaam, twa strjitten fierderop. Wat de man dêr krekt útfûn, wie foar ús as bern in riedsel. Wy sieten yn Ketlik op skoalle en fytsten meast net troch de IJntzeleane, want dan moasten wy by de Mildaamster skoalle del en dat rûn faaks op skellerij út. Of slimmer.

Yn it wykein riden we der wolris del. Der leinen geregeld bulten mei tegels. In skoft letter wienen se wer fuort. Stadichoan begûnen yn de jonge oanplante boskjes bouwurken fan opsteapele stiennen te ûntstean. Foar ús as bern wie Le Roy net ien dêr't je samar hinne stapten om te freegjen wat hy by de ein hie.

Nei de legere skoalle gie ik foar it ferfolch fan myn romrofte skoaltiid op de fyts nei It Feen. Dus net nei it Fean. De lânbouskoalle stie doe noch oan de Coehoorn van Scheltingaweg. Om dêr te kommen moast ik oer de President Kennedylaan. In aparte strjitte, want yn de midden fan dy dyk is in grienstrook fan in meter as tsien breed mei in bûnte samling fan beammen, planten en in soad stiennen en tegels. It bliek ek in kreaasje fan Louis le Roy te wêzen. De learaar plantkunde fertelde ús yn de les op in kear wat de djippere bedoeling fan Le Roy syn projekten eins wie. Sûnt dy tiid seach ik der wat oars tsjinoan.

Der hat altyd in soad krityk west op wat Le Roy makke. Minsken fûnen (en fine) it mar in rotsoai, om it plat te sizzen. Mar as je wat djipper op syn idee derachter yngean, sjogge je hoe't it kin dat sawol de grienstrook oan de Kennedylaan en de ecokatedraal, sa't it stik grûn yn Mildaam neamd wurdt, mondiaal oandacht en bekendheid krigen hat. Neffens Louis le Roy soe it projekt tûzen jier duorje en soe it 300 meter heech wurde moatte. Hy stoar yn 2012, de Stichting Tijd krige as opdracht om syn dream ôf te meitsjen en syn boadskip út te dragen. De yn Amsterdam berne tekenlearaar Le Roy wûn ferskate prizen foar syn wurken.

Dizze wike barde der wat oan de oars sa stille Kennedylaan op It Hearrenfean. Jim sille it grif fernaam ha yn de media. In snoeiploech fan de gemeente die wat harren opdroegen wie en snoeide der flink yn om. Yn de tunen fan Le Roy. Sûnder fan te foaren te oerlizzen mei it noch libjende gewisse fan arsjitekt Le Roy, de Stichting Tijd. Mei in soad opskuor as resultaat. Ik nim oan dat nimmen fan dy snoeiploech krekt witten hat wa't Louis le Roy wie en wêrom't syn tún der sa by leit. Hiel earlik sein ha ik ek myn twivels oer de oerdracht fan sa'n kompleks gehiel by útfierders en opdrachtjouwers binnen in gemeentlike organisaasje. Se ha grif gjin leske yn 'Ecokathedralen van de Wilde Tuinman' krigen fan ien as oare boomer dy't troch syn leeftyd noch wol op de hichte wie fan it hoe en wat. It generaasjekonflikt kin hast net trefliker yn byld brocht wurde.

Ien gelok, troch alle opskuor is de nije lichting wurkferdielers yn de iepenbiere griene romte fan de gemeente It Hearrenfean wer hielendal byspikere oer de legac... o, sorry, de neilittenskip fan Louis le Roy.

En jim witte: 'snoeien doet groeien'."

(advertinsje)
(advertinsje)