De oarloch yn Fryske foto's: "Ynfalle en ymponearje"

De Dútske besetter is fan maaie 1940 ôf yn Fryslân. Dat wurdt hieltyd mear sichtber. Soldaten marsjearje troch de strjitten, allerhanne foarwerpen en bisten wurde foardere en politike partijen wurde ferbean. Foar de befolking fan Fryslân betsjut it oanpassing. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
Leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst by Warkum © Fries Verzetsmuseum
Sy foarmje in lange rige, de leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst (NAD). Yn likense trêd stappe de manlju troch de polder by Warkum. De NAD-leden drage skeppen op de skouders, as wiene it gewearen. Efter harren de reiddekke Ho-mole oan de Homolefeart. De mole is al lang ferdwûn, hjoed-de-dei leit op dit plak ien fan de sportfjilden fan V.V. Workum, njonken de Sudergoawei.

Eksersearje mei de skeppe

It omtôgjen mei skeppen is it symboal fan de NAD, in organisaasje dy't yn 1941 oprjochte is troch de besetter. De manlju wurkje by it oanlizzen fan diken en kanalen en yn de lânbou. Dochs wurde se sa ek oplaat foar bygelyks it graven fan fjochtgroppen. De NAD wurket earst mei frijwilligers, mar fan 1942 ôf is jongerein ferplichte. It duorret net lang foar't de organisaasje ûnder nasjonaalsosjalistyske ynfloed komt. De oplieding hat in sterk militêr karakter, dêr heart it eksersearjen ek by.
NAD-leden sliepe yn kampen, njoggen yn Fryslân. Kamp Warkum hjit ek wol 'It Romme Fjild.' Yn 1944 skriuwt in krante nei in besite: "Wat de jongens leeren is: absolute gehoorzaamheid. Een bevel is een bevel en dat dient te worden opgevolgd. Misschien is dat niet altijd even aangenaam - het leven vraagt echter ook niet naar prettig of verdrietig, doch stelt zijn eischen, waaraan we eenvoudig hebben te voldoen."
Dizze hynders yn Gytsjerk binne troch de besetter foardere © Fotograaf: J. D. de Jong (Fotoarchief Leeuwarder Courant)
Yn de oarloch wurdt der fan alles rôve troch de besetter, ek hynders. Yn de mobilisaasjeperioade fan it Nederlânske leger waard dat al dien. Mar doe krigen boeren as kompensaasje noch in fergoeding. By de Dútsers giet dat oars. Sy helje gewoan op wat sy wolle. Allinne as minsken in 'dekbewiis' hawwe fan in hynsteboer, wolle de Dútsers de hynders net hawwe. Sy hawwe gjin ferlet fan drachtige hynders. Dat makket dat der aardich fraudearre wurdt troch eigeners.
Dizze buorden yn Ljouwert litte de 'nazifikaasje' sjen © Historisch Centrum Leeuwarden
Wa't yn Ljouwert oer de Harnzerstrjitwei rydt, komt yn 'e midden fan in rotonde it byld Us Mem tsjin. Yn 1941 pronke dy bekende ko dêr noch net. Mar sûnt 1940 steane der wol buorden op it krúspunt. De buorden wize nei besettingsynstânsjes en binne al gau nei de Dútske ynfal pleatst. It toant wêr't men hinne moat om de befelhawwer fan de Ordnungspolizei en de Sicherheitspolizei te finen, mar it lit ek sjen dat de Wehrmacht (it Dútske leger) in eigen brânstofdepot hat. It falt op dat der ûnderoan de peal in swárt buordsje hinget, Deutscher Kriegerfriedhof stiet derop. Dat wiist nei it Dútske oarlochsbegraafplak.
De WA marsjearret op de Wurdumerdyk © Fotograaf: A. Bakker (Historisch Centrum Leeuwarden)
Net lang nei de Dútske ynfal, yn de simmer fan 1940, paradearret de Weerbaarheidsafdeling (WA) oer de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Dy WA falt ûnder de Nationaal-Soscialistische Beweging (NSB), de kollaboraasjepartij yn de besettingstiid. Mar it komt der eins op del dat it knokploegen binne. Sy pakke minsken hurd oan dy't it net mei de NSB iens binne en soargje foar rebûlje en opskuor.

Ymponearje yn de haadstêd

De WA'ers marsjearje yn harren swarte unifoarms mei mar ien doel: ymponearje. Dochs wiene der úteinlik net in soad Fryske WA'ers. Yn totaal hawwe dat der likernôch 250 west.
In yn 1945 arrestearre 'moffenmeid' yn Harns © Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)
It is 17 april 1945, Jelle Nauta fan de Strijdkrachten bringt in frou nei in tydlik arrestantelokaal yn de gymnastykskoalle oan de Hoogstraat. Harns wurd befrijd en de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten pakke likernôch 30 'moffenmeiden' op. Sa wurde froulju neamd dy't derfan fertocht wurde in relaasje te hawwen mei Dútske soldaten. Nei de befrijing binne in soad 'moffenmeiden' oppakt. As straf waarden sy kealskeard. Letter docht bliken dat net alle froulju pro-Dútsk binne, guon wiene allinne fereale op in Dútske man. Mar yn it tumult fan de befrijing hat men dêr noch gjin each foar.
It gat dat troch de crash fan in bommewerper slein is by Koudum © Album Gerhard Koopmans (Tresoar, Fries Fotoarchief)
Op it earste each lykje dizze bern gewoan yn in bulte grûn te boartsjen. Mar it is net samar in gat dêr't de bern yn modderbaaie. De krater is yn de nacht derfoar ûntstien troch de crash fan in fleantúch.

Frysk grêf foar Kanadezen

Yn de nacht fan 2 op 3 july 1942 stoart in Kanadeeske bommewerper del, dy't njonken de Dammensewei by Koudum telâne komt. It fleantúch moast eins nei Bremen, mar in nachtjager fan de Luftwaffe sjit it del. Trije bemanningsleden komme om, sy krije yn Koudum in grêf. De Kanadees Kingsley Brown oerlibbet de crash en nei de oarloch skriuwt hy syn ferhaal op.
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekendmakke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.