Scooterrider klapt op ferkearsboerd en rekket slim ferwûne yn Aldegea

07 mrt 2020 - 08:07

Oan de Gariperwei yn Aldegea (Smellingerlân) is yn de nacht fan freed op sneon in scooterrider slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. Der waard ûnder oare in traumahelikopter oproppen.

Foto: De Vries Media

Om 1.30 hinne waarden omwenners wekker fan in hurde knal. In man bliek mei syn scooter tsjin in ferkearsboerd riden te wêzen, wêrnei't er hurd fallen wie. De man rekke troch de klap slim ferwûne.

It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De scooter is meinaam foar ûndersyk. Hoe't it koe dat de man tsjin it ferkearsboerd oan ried, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)