Arrestaasjeteam hellet betize man fan hotelbalkon yn Ljouwert

07 mrt 2020 - 07:35

De Stasjonswei yn Ljouwert hat freedtejûn lange tiid ôfsletten west fanwegen in betize man dy't op in balkon fan in hotel stie. Om de man feilich fan it balkon te heljen, waard der in arrestaasjeteam ynsetten.

Foto: De Vries Media

Neffens omstanners stie de man fan 21.00 oere ôf te razen op syn balkon. Dêr kamen ferskate plysje-ienheden op ôf. In grut gebiet rûnom it hotel waard ôfsetten mei linten. Ek waarden der út foarsoarch in ambulânse en brânwachtwein oproppen. Beide hoegden úteinlik net ynsetten te wurden.

It arrestaasjeteam die in ynfal en koe de man fia it balkon neist dat fan him benaderje en oermasterje. Hy koe sûnder muoite oanhâlden wurde, wêrnei't er nei it plysjeburo oerbrocht waard.

It soe gean om in betize man dy't neffens omstanners rôp dat er syn hotelkeamer fol mei minsken hie en harren wat oandwaan soe. Nei't de man oanhâlden wie, waard it gebiet wer frijjûn. Der rekke gjinien ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)