In gearwurkingsferbân fan Denemarken oant Senegal moat skries beskermje

06 mrt 2020 - 23:52

In nij gearwurkingsprojekt fan alle lannen oan de kust fan Denemarken oant Senegal moat soargje foar bettere beskerming fan de skries. It projekt hjit LIFE IP. Yn Fryslân binne it Bûn foar Fryske Fûgelwachten (BFVW) en syn stichting Agrarisch Natuurfonds de partijen yn it gearwurkingsferbân.

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It idee is om stikken lân op te keapjen sadat de skriezen romte ha om by te kommen fan de reis, of yn it Fryske gefal rêstich briede te kinnen.

Yn Fryslân hat de skries neffens de BFVW noch in soad ekstra romte nedich, mar foaral yn de oare lannen oan de Atlantyske oseaan moat der wat gebeure. Sa bestiet der yn Senegal noch gjin inkele partij dy't him ynset foar fûgels. Mei dit projekt moat dat opstart wurde en moat dat troch de gearwurking mei oare lannen fersterke wurde.

De konseptferzje fan it plan is al goedkard troch de EU, mar yn novimber stimt de EU oer de definitive ferzje fan LIFE IP.

Inge van der Zee fan de BFVW

(advertinsje)
(advertinsje)