Auto op de kop yn it wetter yn Wolvegea; bestjoerder spoarleas

Oan de Platinastrjitte yn Wolvegea is freedtejûn let in auto yn it wetter telâne kaam. De auto bedarre op de kop yn de sleat.
© ProNews
De helptsjinsten waarden manmachtich oproppen. In traumahelikopter wie ek ûnderweis, mar kearde werom nei de basis. Brânwachtminsken ha de auto omkeard, mar der siet gjinien mear yn. It is net dúdlik wêr't de bestjoerder is.