NAM siket nei gas yn de Noardsee

06 mrt 2020 - 22:56

De NAM wol de kommende jierren foaral gas winne binnen de Nederlânske territoriale wetters op de Noardsee. Want we kinne de kommende tritich jier noch net sûnder gas. Dat sei direkteur Johan Atema fan de NAM by NPO Radio 1.

Boarplatfoarm - Foto: ANP

"Het zal wel minder worden, maar we kunnen voorlopig gewoon nog niet zonder", neffens Atema. "We hebben het gas nog tientallen jaren nodig."

De NAM hat njonken it grutte gasfjild yn Grinslân noch sa'n twahûndert lytsere fjilden, ek yn Fryslân. Dy bliuwe de kommende jierren noch iepen. Mar der wurdt ek socht nei gas yn de Noardsee.

Neffens Atema is it ûnferstannich om hielendal ôfhinklik te wurden fan gaslevering út it bûtenlân. Boppedat soarget de gaswinning foar in hiel soad wurkgelegenheid.

(advertinsje)
(advertinsje)