UNIS Flyers winne yn earste play-offwedstriid ienfâldich fan Mechelen

07 mrt 2020 - 13:40

De UNIS Flyers hawwe de earste wedstriid yn de kwartfinale fan de play-offs om de titel yn de BeNe League ienfâldich wûn. Op Thialf wie de Fryske iishockeyklup freed mei 8-1 (2-0, 4-0, 2-1) te sterk foar Mechelen Golden Sharks.

De Flyers hienen nei fiif minuten troch goals fan Trevor Petersen en Dennis Sikma al in 2-0 foarsprong. Yn de twadde perioade makken de Flyers al dien wurk. De Friezen profitearren mei Lars den Edel en Brent Janssen twa kear fan in powerplaysituaasje. Marc Nijland en Sikma fûnen ek noch it net en dus hienen de Flyers mei noch ien perioade te gean al in komfortabele 6-0 foarsprong.

Yn de tredde perioade waard it troch goals fan Juha Kiilholma en op 'e nij Petersen noch slimmer foar de Belgen: 8-0. Yn de absolute slotfaze koe Elia Urlings yn in powerplaysituaasje noch wol de eare rêde foar de besikers: 8-1.

Best-of-three

De kwartfinale wurdt beslist troch in best-of-threesysteem. De return wurdt sneon spile yn België. As beide ploegen dan ien kear wûn hawwe, is woansdei 11 maart de beslissende tredde wedstriid op Thialf.

Jasper Nordemann fan de UNIS Flyers - Foto: Margo Mulder
(advertinsje)
(advertinsje)