Noorderbreedte riedt him ta: "We kunnen mensen in quarantaine plaatsen"

06 mrt 2020 - 22:32

Noorderbreedte, ien fan de gruttere soarchoanbieders foar âlderein yn Fryslân, riedt him drok ta op it mooglik útbrekken fan it coronafirus yn ien fan har lokaasjes. Sa wurdt der no sjoen oft der genôch mûlkapkes en spatbeskermjende brillen yn hûs binne. "Er is een basisvoorraad. Dat is genoeg voor wanneer er nu op één locatie iets nodig is."

Foto: ANP

"We zijn nu in gesprek met de leverancier om te kijken of we die voorraad kunnen aanvullen, zodat we overal genoeg beschermend materiaal hebben", fertelt Lotte Stienstra fan Noorderbreedte.

Genôch beskermjende middels?

Ut in enkête fan NU'91, in beropsorganisaasje foar ferpleechkundigen en fersoargers, docht bliken dat wurknimmers yn de soarch harren drok meitsje oft der genôch beskermjende middels op foarried binne.

Ek binne by in soad ferpleech- en fersoargingshûzen net genôch karantêneplakken, mar dat sit neffens Stienstra wol goed by harren lokaasjes: "We kunnen op elke locatie iemand in quarantaine plaatsen. Er is altijd wel een kamer vrij, maar vaak hebben de bewoners ook een eigen slaapkamer. Op het moment dat het coronavirus bij iemand wordt aangetroffen, wordt die slaapkamer gebruikt als quarantaine-kamer. Desnoods kunnen we zelfs nog iemand verplaatsen naar een andere locatie."

Goede ynformaasje

Noorderbreedte set no foaral yn op goede ynformaasje: "We hebben een werkgroep samengesteld die zich hiermee bezig houdt. Het virus rukt nu snel op. Dat betekent dat we de bewoners, maar ook hun naasten van goede informatie moeten voorzien."

Wurknimmers hawwe it der ûnderling ek oer, mar neffens Stienstra docht Noorderbreedte der alles oan om it firus goed opfange te kinnen: "Natuurlijk is het een issue, dus mensen hebben het er veel over. Maar we werken op alle fronten en zijn zo goed mogelijk voorbereid."

(advertinsje)
(advertinsje)