Drachtster Boys wint noardlike sealderby en bliuwt koprinner

Drachtster Boys hat thús gjin fout makke yn de kompetysjewedstriid tsjin Drs. Vijfje. De koprinner yn de earedifyzje fan it sealfuotbal wûn mei 4-2 fan de nûmer seis. De Drachtsters behâlde it earste plak en wiene al wis fan de play-offs.
© Tibbesma Fotografie
Doe't de ploech fan Symen Abe Hoekstra by it skoft mei 3-0 foar stie yn de noardlike derby, like der neat oan de hân. Aafke de Hoek hie twa kear skoard en Jessie Prijs ien kear.
Mar yn de twadde helte waard it dochs noch spannend. Arte Brueren sette de besikers op it skoareboerd en Vesna Veltrop brocht de spanning hielendal werom. Doe't Drs. Vijfje yn de slotfaze mear risiko naam, profitearre Drachtster Boys fan dy romte. Aafke de Hoek makke har tredde goal fan de jûn.

Takom wike topper

Takom wike stiet de topper yn de earedifyzje op it programma. Drachtster Boys giet dan op besite by Reiger Boys, de nûmer twa. De ploech út Heerhugowaard hat fjouwer punten minder en kin yn teory de kopposysje noch oernimme.
Oan de ein fan it seizoen spylje de earste fjouwer ploegen yn de play-offs om de lânstitel. Drachtster Boys, Reiger Boys en Team Alkmaar binne al wis fan dielname oan de play-offs. Dêrnjonken steane de Drachtsters op 10 april ek noch yn de bekerfinale.