'Grut plan nedich foar leefberens krimpregio's'

06 mrt 2020 - 21:46

Der is in deltaplan nedich om de leefberheid yn krimpregio's lykas Noard-Fryslân op peil te hâlden. Dat sei direkteur Kim Putters fan it Sociaal en Cultureel Planbureau freedtejûn yn it programma Meldpunt fan Omroep MAX.

Holwert - Foto: Pietsje Patrouilje

Putters makket him foaral soargen oer de posysje fan âlderen yn de krimpgebieten, dêr't yn totaal sa'n 1,3 miljoen minsken wenje. Dan giet it om it noarden fan Fryslân, Grinslân, de Achterhoek, it suden fan Limboarch en Siuwsk Flaanderen. Dêr slacht de fergrizing bot ta, wylst jongeren der krekt weigean, nei de stêden ta. Hy tinkt dat der dêrtroch in tekoart ûntstiet oan soarchmeiwurkers en mantelsoargers.

It Ryk moat dêrom neffens him ynvestearje yn soarchwenten. "Overal zijn wachtlijsten voor ouderen die kleinschaliger willen wonen", seit Putters.

Soarch en wenromte

En it moat oantreklik makke wurde om yn de soarch te wurkjen. "Als hier geen mantelzorgers meer zijn, komt een groep ouderen in de problemen", neffens Putters. Hy wiist ek op it hûzetekoart yn krimpregio's, wêrtroch't it foar jongerein dreech is om dêr wenplak te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)