Buske swier skansearre by iensidich ûngelok Wynjewâld

Op de Mounleane by Wynjewâld hat freedtejûn in iensidich ûngelok plakfûn. In buske rekke fan de dyk en is swier skansearre.
© ProNews
De helptsjinsten waarden oproppen. Ek de traumahelikopter is ynskeakele, mar dy wie net mear nedich doe't dy boppe it ûngelok fleach en koe werom nei de basis. Oft der ferwûnen binne en oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.