Museum Hert fan Fryslân yn Grou giet ticht: te min besikers

06 mrt 2020 - 21:08

Museum Hert fan Fryslân yn Grou slút op 1 desimber dit jier de doarren foar publyk. Der komme te min besikers en der binne net genôch minsken om it museum draaiende te hâlden. Op 1 april giet it museum noch ien kear foar acht moannen iepen mei ûnder oare de eksposysje '75 jaar Vrijheid: Grou in oorlogstijd'.

Museum Hert fan Fryslân yn Grou - Foto: Wikimedia Commons

It museum yn Grou sil him no rjochtsje op in goede kearnkolleksje fan kultuer en histoarje fan Grou en omkriten. Ek sykje se oansluting by de plannen foar in multikultureel sintrum yn Grou.

Begûn yn âlde riedshûs

It Hert fan Fryslân is yn 1956 fan start gien yn it riedshûs fan doe noch Idaarderadiel, dêr't it gemeentemuseum fergees yn siet. Sûnt 2018 moat der betelle wurde foar de húsfêsting en mei in stabilisaasje fan tûzen besikers op jierbasis is it neffens it bestjoer fan it museum net langer ferantwurde om it museum selsstannich iepen te hâlden.

Foar it behear en feilichstellen fan de kearnkolleksje siket it museum stipe by de freonen, dy't op 22 april de jiergearkomste ha. It museum siket ek noch minsken yn it bestjoer en de frijwilligersploech foar de gearstalling fan de kearnkolleksje en foar it bouwen oan in nije takomst.

(advertinsje)
(advertinsje)