Danny Noppert op UK Open ûnderút tsjin Gerwyn Price
Darter Danny Noppert hat freedtejûn syn earste wedstriid op de UK Open yn it Ingelske Minehead mei 10-3 ferlern fan Gerwyn Price út Wales. De 29-jierrige Jouster spile yn de fjirde ronde fan it telefyzjetoernoai tsjin de nûmer trije fan de wrâld en rûn de hiele wedstriid efter de feiten oan.
Noppert waard yn de twadde leg direkt brutsen. Hy miste syn dûbel (tops), wylst Price op ek 40 stie. Dy profitearre direkt en rûn dêrnei út nei 3-0. In leg letter waard Noppert hast wer brutsen, mar no sloech Price net ta op tops, wêrnei't Noppert dochs op it boerd kaam troch dûbel 10 út te smiten.
Dêrnei gong it even mei de legs mei, mar op 5-2 pakte Price noch in break. Hy smiet 126 út en mei in tolvedarter wreide de Welshman syn foarsprong út. Nei noch in break mocht Price op 9-3 smite foar de wedstriid. Hy miste syn earste trije matchdarts, mar op dûbel 8 wie it raak. Price helle in trochsneedskoare fan 104 en smiet trijekwart fan syn dûbels raak.
Earste trije rondes frij
Danny Noppert streamde pas yn de fjirde ronde fan it toernoai yn fanwegen syn hege klassearring (26e) op de wrâldranglist. It is foar de Jouster de tredde kear dat hy meidocht oan de UK Open. Yn 2018 en 2019 wie hy net sa suksesfol en ferlear hy twa kear by de lêste 96 darters.
De UK Open wurdt fan 6 oant en mei 8 maart hâlden yn it Ingelske Minehead. It is in bysûnder telefyzjetoernoai, om't der yn it toernoai inkelde kearen opnij lotte wurdt. Dêrtroch kinne de pleatste spilers elkoar al earder yn it skema tsjinkomme. Regearjend kampioen fan de UK Open is de Ingelskman Nathan Aspinall.