Boete foar frou (83) foar pinnen mei pas fan skoansuster

In frou fan 83 út Wynjewâld hat fan de plysjerjochter in boete fan 800 euro krigen, omdat se sûnder tastimming in pear kear jild pind hie mei de pas fan har skoansuster.
It gerjochtshof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De bank hie har de pas by fersin thússtjoerd. De fertochte hat der doe 600 en 100 mei pind fan de rekken fan de skoansuster. Se fûn dat se der rjocht op hie, fanwege in skeel mei har broer oer in âlde erfeniskwestje. De plysjerjochter fûn fan net en hat har dêrom in boete oplein.