FIDEO: FNP'er Knol jout striid tsjin leechfleanrûte boppe Fryslân net op

De slach om it skrassen fan de leechfleanrûtes boppe Fryslân is noch net ferlern. Dat seit FNP-Steatelid Sijbe Knol yn It Polytburo. Fan 'e wike stimde de Twadde Keamer tsjin it foarstel om de rûte definityf fan tafel te heljen.
Sijbe Knol yn It Polytburo:
De leechfleanrûte wurdt sûnt 2002 net mear brûkt, mar neffens nije plannen wol definsje dy dochs wer iepenstelle. FNP'er Knol kaam yn aksje, en krige it tiisdei op de aginda fan de Twadde Keamer. Dêr sneuvele it ferset lykwols. Wol sei steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje dat it net foar de hân leit dat de leechfleanrûte wer iepensteld wurdt.
De FNP hat op it stuit gjin fertsjintwurdiging yn de Twadde Keamer. Neffens Knol is it fan belang dat soks dochs besocht wurdt, yn oparbeidzjen mei oare provinsjale partijen. Sa'n gearwurkingsferbân is der no al, yn de Earste Keamer, yn de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF).

Forum yn provinsjaal bestjoer

Ien fan de partijen dy't yn de OSF sit is Lokaal Brabant, en dat is de partij dy't der mei foar soarget dat it Forum voor Democratie yn it provinsjaal bestjoer dêr komt. Foar Knol is dat gjin oanlieding om de gearwurking yn de OSF mei Lokaal Brabant op te sizzen.