Kanadeeske sprinter is útfanhûs: "Op 'e fyts om 'stroepwaffels', hearlik!"

06 mrt 2020 - 20:06

De reedriders op de lange baan ride dit wykein de wrâldbekerfinale op Thialf. Dat de Kanadezen dêr ek by binne, is eins best bysûnder. It Kanadeeske bûn fynt nammentlik allinnich de Olympyske Spelen en it wrâldkampioenskip ôfstannen wichtich. As dy toernoaien west ha, sjogge sy it seizoen as dien. En dêrom binne der dizze wike troch hiel Fryslân ferskate Kanadeeske reedriders útfanhûs.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

De Kanadeeske bûnscoach, Geert Kuiper, lit witte dat der twa riders op eigen kosten yn in hotel sitte, trije ha op ynternet in appartemint hierd, der sitte in pear by gastgesinnen en dan binne der ek noch twa yn in steancaravan yn it Nannewiid.

Ien fan de riders dy't by sa'n gastgesin sit, is de sprinter Alex Boisvert-Lacroix. Hy wol hiel graach meidwaan dit wykein, en is dêrom nei It Hearrenfean ôfreizge. "Allinnich de bêste tolve fan it hiele jier wurde útnûge foar de wrâldbekerfinale. Dit is dus echt in wedstriid mei de bêsten fan 'e wrâld, dat fyn ik as sportman fansels hiel moai. Boppedat stean ik no tsiende yn it klassemint, en as ik yn de top tsien bliuwe kin, pak ik ek noch wat prizejild mei."

Alex Boisvert-Lacroix oer syn wrâldbekerwykein

Om mei te dwaan hie Boisvert-Lacroix dus wol in sliepplak nedich. Nei in oprop op social media foar in bêd op It Hearrenfean krige er binnen tsien minuten ferskate reaksjes. Uteinlik is er bedarre by Karsten van Zeijl. Dy organisearret takom wike de sprintwedstriden om De Zilveren Bal yn de Alvestêdehal yn Ljouwert, en yn ruil foar dielnimming dêroan mocht Alex wol by him yn hûs komme.

"Ik fyn it moai om te sjen hoe't Kanadezen de sport belibje. Hy hat fan my in kaai krigen, hy kin dwaan wat hy wol. En hy kin goed itensiede, benammen de maple syrup docht it hjir goed." By it neamen fan de maple syrup moat de Kanadeeske sprinter laitsje. "Sa kin ik harren yn 'e kunde komme litte mei de Kanadeeske keuken. Ik wol graach in stikje fan myn thús sjen en priuwe litte as tank."

Karsten van Zeijl naam Boisvert-Lacroix yn hûs

Van Zeijl hat, fia in freon, in fyts regele foar Boisvert-Lacroix. Dêrmei makket er geregeld in blokje om troch It Hearrenfean. "Ik fyn it hjir hiel moai. Ik hâld fan Nederlân. Lekker by de grêft del fytse. En ik gean fansels altyd by de supermerk nei binnen foar stroepwaffels, dy fyn ik hearlik."

Foto: Alex Boisvert-Lacroix

Om syn sliepplak werom te beteljen docht de Kanadeeske sprinter takom wike woansdei dus mei oan de striid om De Zilveren Bal. "Ik bin echt in sprinter, dus hûndert meter is wol wat foar my. Dochs sil it dreech wurde, want ik fyn de Japanner Murakami en de Rus Mushtakov hiel sterk. Mar miskien kin ik ferrasse."

Van Zeijl is bliid mei de dielnimming fan Boisvert-Lacroix. "De Kanadezen ha altyd wol in spesjaal plakje hân by ús. Yn it earste jier hiene wy by de manlju en froulju twa winners út Kanada. En de manier wêrop't sy it evenemint útdroegen ha, dat ha wy altyd wurdearre."

De wrâldbekerfinale op Thialf is dit wykein te folgen by Omrop Fryslân radio yn de programma's Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân. Ferslachjouwer Andor Faber docht ferslach fan alle wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)