KwadrantGroep oer Wmo-plan Ljouwert: "Deze verandering zorgt voor onzekerheid"

Der binne grutte feroarings wat de deibesteging en ambulante soarch oanbelanget yn de gemeente Ljouwert. De gemeente hat dy soarch dellein by it nije gearwurkingsferbân WINDKRACHT058. De soarchoanbieders waarden freedtemoarn ynljochte troch de trije organisaasjes dy't WINDKRACHT058 foarmje.
Reaksjes op it nije soarchsysteem:
WMO reaksjes
De gemeente makket tenei net mear sels ôfspraken mei allerhanne soarchferlieners, dat giet fan takom jier ôf fia it gearwurkingsferbân. WINDKRACHT058 krijt fan de gemeente ien bedrach wêrmei't se alle soarch leverje moatte. Dêrby sille se earst út de eigen organisaasjes en de 16 soachoanbieders wêr't se mei gearwurkje de soarch jaan.
Mar Ljouwerters dy't no noch fan oanbieders soarch krije dy't net in kontrakt ha mei it gearwurkingsferbân, krije dus mooglik te krijen mei in oare wurkwize en in oare soarchferliener.
Dit zijn hele grote ingrijpende veranderingen voor mensen en daarom dring ik aan op snel overleg.
Maarten Nuijens, KwadrantGroep
Maarten Nuijens, foarsitter fan de rie fan bestjoer fan KwadrantGroep, is bot teloarsteld oer de nije Wmo-konstruksje fan de gemeente Ljouwert: "Over het algemeen hebben we te maken met kwetsbare mensen. Dit zijn hele grote ingrijpende veranderingen voor mensen en daarom dring ik aan op snel overleg."

'Fierstente folle risiko's'

De soarchoanbieder wol de ûnwissichheid by har 1600 kliïnten en 400 meiwurkers gau fuortnimme en wol gau om tafel mei WINDKRACHT058. KwadrantGroep hie him net ynskreaun om ien fan de partijen te wurden om de nije Wmo-konstruksje út te fieren. "We vonden het niet verantwoord om dat te doen, omdat we menen dat wij de zorg voor de cliënten niet goed konden garanderen. We vinden dat de gemeente veel te veel risico's neemt", seit Nuijens.
Hy fynt ek dat de gemeente Ljouwert in rol ha moat om ta te sjen op in goed ferrin fan de fierdere ynfolling fan de nije plannen. De KwadrantGroep hie him wol ynskreaun om de húshâldlike help te ferlienen yn Ljouwert, mar dat hat de gemeente oan oare partijen jûn. Dat betsjut ek dat kliïnten fan de gemeente Ljouwert fan takom jier ôf de húshâldike help net mear krije fan KwadrantGroep, mar fan in oare organisaasje.
De soarch is in pineholledossier foar de gemeente Ljouwert:
WMO oersjoch

Lytsere soarchoanbieders binne benaud

Dianne Kalsbeek en Dieuwke de Jong wurkje by MeiDy yn Damwâld, in ambulante soarchynstelling. MeiDy sit net by WINDKRACHT058 yn, om't sy net kontraktearre binne by de oanbesteging. "Wy hiene te min Wmo-kliïnten yn de omjouwing Ljouwert. Dêrom woene se net mei ús fierder."
De froulju wiene freed by de gearkomste yn Ljouwert, mar it hat der net foar soarge dat se mear dúdlikheid krigen ha oer de nije situaasje: "Wy begripe dat der grutte tekoarten binne en dat der wat feroarje moat. Wêr't wy net achter stean, is de manier dêr't dit op foarme wurdt. It fielt no as wurdt de ferantwurdlikens fan de gemeente nei de soarchoanbieders ta skood."

Brief nei de kliïnten

Kalsbeek en De Jong tinke dat lytsere soarchoanbieders minder kâns krije yn it nije gearwurkingsferbân. De partijen yn it ferbân wolle, sa't Kalsbeek en De Jong tinke, leaver gearwurkje mei gruttere soarchoanbieders om't dy mear personiel en romte ha. Mar wêr't se harren it measte drok om meitsje, is it belang fan de kliïnten. De Jong: "Ik tink dat it in soad ûnrêst teweibringt, want sy reitsje harren fêste soarchoanbieder kwyt. De gemeente stjoert in brief nei alle kliïnten. Ik tink dat se dat ek dogge om derfoar te soargjen dat sy net yn panyk reitsje."
Yn de brief fan de gemeente oan de soarchoanbieders stiet dat sy de kliïnten net sels ynformearje mochten oer de nije gong fan saken.

Feroaring is dreech

Ek Karin Wagteveld makket har soargen. Se wurket ambulant en mei minsken mei autisme. Se is net ôfhinklik fan in kontrakt mei de gemeente Ljouwert en wurket ek yn oare gemeentes. Mar se is wol benaud foar de nije situaasje yn Ljouwert: "Dit wordt een groot probleem voor de mensen waar ik mee werk. Ze hebben moeite met verandering." Wagteveld tinkt dan ek dat de nije situaasje net goed is foar har kliïnten, mar is der bang foar dat sy takom jier wol in oare soarchoanbieder krije.
© Shutterstock.com (Lighthunter)
It gearwurkingsferbân WINDKRACHT058 giet de kommende tiid mei de oare soachoanbieders yn petear om te sjen of en hoe't der mooglik gearwurke wurde kin.
Dianne Kalsbeek en Dieuwke de Jong fan MeiDy