Hearrenfean sjocht kânsen tsjin swalkjend Ajax

06 mrt 2020 - 19:03

"Het is geen hocus pocus", seit Hearrenfean-trainer Johnny Jansen oer de taktyk dy't er útstippele hat foar de wedstriid tsjin Ajax. De Amsterdammers ferlearen yn ien wike tiid fan sawol Getafe, AZ as FC Utrecht. Yn alle wedstriden wienen de Amsterdammers kwetsber yn 'e omskeakeling. "Dat is natuurlijk niets nieuws. Vorig jaar speelden wij 4-4 in Amsterdam en legden wij die zwakte ook al bloot. En dit seizoen hadden we in de Arena ook veel countermogelijkheden."

Ajax sit op dit stuit yn 'e hoek fan de klappen. In goede wike lyn dienen de Amsterdammers noch mei op trije fronten, mar nei ferliespartijen tsjin Getafe (Europa League) en FC Utrecht (KNVB beker) is der allinnich noch it gefjocht om de lânstitel.

Mar Jansen fynt net dat syn ploech Ajax no op it goede momint treft. Want oft Ajax no yn foarm is of dat der krisis is, de taktyk feroaret net. Jansen: "Wij hebben weer een plan bedacht, maar uiteindelijk blijft het idee hetzelfde."

We ruiken bloed, maar laten we eerst de wedstrijd maar spelen.

Sven Botman

Sven Botman wurdt dit seizoen hierd fan Ajax, hy wit as gjin oar dat it op it stuit krisis is yn Amsterdam. "Ajax zit natuurlijk in een mindere fase, maar ze kunnen natuurlijk wel goed voetballen, al missen ze nu de speciale dingen die ze vorig seizoen wel hadden. Dus we ruiken bloed, maar laten we eerst de wedstrijd maar spelen. "

Foar it earst yn fiif jier is it Abe Lenstra stadion wer folslein útferkocht en dat makket Johnny Jansen grutsk. "Ik ben echt superblij dat het weer volle bak is. Dat doet me echt goed. Ik hoop dat er morgen een geweldige sfeer gaat ontstaan, dat de supporters ons enorm gaan steunen en we hen iets moois kunnen bieden."

De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. De útstjoering begjint om 20.30 oere en it kommentaar wurdt dien troch Arjen de Boer. Jeroen Manschot is sneontejûn skiedsrjochter by it duel. Hy wurdt yn it Abe Lenstra stadion bystien troch assistint-skiedsrjochters Erik Kleinjan en Richard Brondijk.

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Kongolo, Veerman; Halilovic, Ejuke en Van Bergen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(advertinsje)
(advertinsje)