PODCAST: 'De grutte grize wolf'

06 mrt 2020 - 18:52

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze sânde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De grutte grize wolf'.

Utstjoering 7: De grutte grize wolf

Francois is in studint dy't graach kuierje mei. Hy is in pear dagen oan de westkust fan Frankryk om dêr oer de kliffen te kuierjen. Op in dei wurdt er oerfallen troch in swiere bui en siket er beskûl yn in grot. It stjonkt yn de grot en hy rint op stikkene bonken, dy't ôfkomstich lykje fan bisten. As er nei de bui werom giet nei it doarp dêr't er útfanhuzet, heart er fan de kastlein dat der in grutte grize wolf omstrúnt yn de omkriten.

De oare deis giet er opnij op 'en paad, op syk nei de grot. En wer wurdt er oerfallen troch tige swier waar, mar dit kear kin er net sa rêstich de bui ôfwachtsje...

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)