Formule E-race Nyck de Vries skrast om coronafirus

Autokoereur Nyck de Vries (Twellingea) en syn kollega's yn de Formule E komme op 4 april net yn aksje yn Rome. De organisaasje fan de elektryske raceklasse hat de wedstriid yn de Italiaanske haadstêd skrast yn ferbân mei it coronafirus.
Nyck de Vries © Mercedes Benz/Daimler AG
It is al de twadde race dit seizoen dy't net trochgiet. Earder waard al besletten om de wedstriid in it Sineeske Sanya te skrassen. Ek dat hie mei it coronafirus te krijen. De earstfolgjende wedstriid is no op 18 april yn Parys. Ek yn ûnder mear Jakarta, New York, Londen en Berlyn wurdt dit jier noch riden.
Neist Mercedes-koereur De Vries, dy't dwaande is mei syn earste seizoen yn de Formule E, is ek de Nederlanner Robin Frijns yn de Formule E aktyf.