Ruth de Jonge, in ûnbekende fersetsfrou

08 mrt 2020 - 08:01

Yn de searje De terugkeer van de Joodse kinderen diskear it ferhaal fan de Joadske Ruth de Jonge. Se dûkt yn de oarloch ûnder by fersetsman Krijn van der Helm. Se beslút him mei te helpen. Ruth oerlibbet de oarloch en is no 99 jier. Har famylje wit noch mar sûnt koart fan it fersetswurk fan Ruth. Yn in kistje mei famyljedokuminten hawwe se foto's en papieren út de oarloch weromfûn.

Ruth de Jonge wennet no yn de buert fan New York. Yn 1953 is se emigrearre nei Amearika. Noait hat se har bern en de rest fan de famylje ferteld oer wat se yn de oarloch meimakke hat. Neidat har famylje ûnderdûkte, bleau sy by de húshâlding fan fersetsman Krijn van Helm. Se besleat mei te helpen yn it fersetswurk. Doe't Krijn van der Helm yn 1944 deasketten waard, stie Ruth op de trep achter him.

Karen Bies is by Friedi de Jonge, in tantesizzer fan Ruth

Yn 1946 trout Ruth mei Max van Dam, sy krije in dochter (Rachel) en in soan (Jacques). Fan de Joadske Van Dam hat de measte famylje de oarloch net oerlibbe en se beslute yn 1953 te emigrearen nei Amearika. Yn har nije libben praat Ruth noait oer de oarloch en oer wat se dien hat yn it ferset. Lykas in protte Joadske minsken tochten Ruth en Max leaver net oan de ferskriklike gebeurtenissen: men woe foarút.

Duik-kaart famylje De Jonge - Foto: Ut it argyf fan de famylje De Jonge

De famylje De Jonge komt oarspronkelik út it Dútske Weener, flak oer de grins. Jakob de Jonge hat dêr in masinehannel. Omdat it yn de jierren tritich hieltyd dreger wurdt foar Joadske ûndernimmers, stjoert er syn soan Heini nei Nederlân ta. Dy begjint oan it Saailân yn Ljouwert in masinefabryk: 'H. de Jonge - Huis der Techniek'.

Yn 1938 komt de hiele famylje oer nei Ljouwert. Oant der yn 1942 in oprop komt fan de Dútske besetter dat it Joadske gesin har melde moat foar transport nei kamp Westerbork. Jakob de Jonge beslút dat se ûnderdûke moatte.

Oprop foar Westerbork - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De famylje siket in ûnderdûkplak en nimt kontakt op mei Krijn van der Helm, belesting-amtner. Hy is ek lid fan de KP (Knokploeg) en helpt de famylje De Jonge oan in ûnderdûkadres op It Hearrenfean. Dêr moat wol foar betelle wurde. Yn ien fan de dokuminten út it kistje fan Friedi de Jonge stiet in oersjoch fan de ûnderdûkkosten. Nei de oarloch moat se goed 35.000 gûne betelje oan de famylje dy't har ûnderdak bean hat.

(advertinsje)
(advertinsje)