Projekt foar duorsum buorkjen op Skier rint achter op skema

06 mrt 2020 - 16:55

De sân boeren op Skiermûntseach dy't harren bedriuw mei 30 persint ynkrimpe wolle en oerskeakelje op natuerynklusyf buorkje, rinne flink achter op skema. Mar de boeren dy't meidogge oan it projekt, hâlde der fertrouwen yn dat it goed komt. Dat seit Ludie van der Bijl, ien fan de sân boeren.

Foto: Omrop Fryslân

It projekt hat as doel om de stikstofútstjit flink te ferleegjen. Grutste tûkelteam is in transysjefergoeding foar de boeren. Der is 2 miljoen euro nedich om harren ynkommen yn de oerskeakelperioade op peil te hâlden. De provinsje hat it jild klearlizzen, mar mei it net ynsette omdat dat troch de Europeeske Uny as steatsstipe beskôge wurdt.

Johannes Kramer hope de saak foar syn lêste dagen as deputearre op 1 jannewaris op te lossen, mar dat is net slagge. Noch hieltyd wurdt drok oerlein oer de oplossing, mei ûnder oare it ministearje fan Lânbou en de provinsje. Dy petearen rinne net sa fluch.

Projektlieder

Wol is besletten in projektlieder oan te stellen foar twa dagen yn 'e wike. Dy sil oer in wike as seis begjinne. Hy moat it projekt mear kontinuïteit jaan. It jild foar de projektlieder wurdt beskikber steld troch it ministearje fan Lânbou.

As alles goed giet, moat in grut part fan de molke op it eilân oer in jier as fiif op it eilân ferwurke wurde yn in eigen fabryk.

Ludie van der Bijl oer it projekt

Earder seagen we alris by de boeren op it eilân:

(advertinsje)
(advertinsje)