Restaurants yn Ljouwert trije dagen ticht om búkgrypfirus

06 mrt 2020 - 16:31

Restaurants Proefverlof en Eindeloos yn Ljouwert binne ticht, omdat in part fan it personiel siik thús sit. Neffens it bedriuw sels giet it om in búkgrypfirus en hat in tal gasten dat ek oprûn.

Foto: Google Street View

Om fierdere fersprieding foar te kommen binne de saken de earstkommende trije dagen ticht. Dat is besletten yn oerlis mei de GGD. It personiel is test op it firus. De resultaten binne noch net bekend, mar omdat net ien lêst hat fan de luchtwegen, wurdt net in link lein mei it coronafirus. Sneon witte se mear, seit Willem Schaafsma. Hy is (mei-)eigener fan beide saken.

Kommende tiisdei geane Proefverlof en Eindeloos wer iepen, is de bedoeling.

(advertinsje)
(advertinsje)