SC Hearrenfean befêstiget: Ausnutria wurdt nije haadsponsor

06 mrt 2020 - 16:11

It Nederlânsk-Sineeske suvelkonsern Ausnutria wurdt de nije haadsponsor fan Sportclub Hearrenfean. Beide partijen ha in oerienkomst ôfsletten dy't rint oant en mei it seizoen 2021-2022. Se ha de bedoeling om de gearwurking dêrnei troch te setten.

Ausnutria makket iten foar lytse poppen en lytse bern. It bedriuw eksportearret nei goed santich lannen, ûnder oare nei Sina. It bedriuw hat in grut fabryk op It Hearrenfean. Neffens direkteur Roozemond fan Sportklup Hearrenfean past Ausnutria sadwaande as sponsor poerbêst by de klup.

"Ons shirt krijgt nu de sponsor waar we naar op zoek waren", seit Roozemond. "Onze zoektocht duurde langer dan we wilden, maar we wilden alleen gaan voor de perfecte match. Met Ausnutria hebben we die gevonden."

Yn de thúswedstriid tsjin Ajax stiet Ausnutria foar it earst op it pompeblêdeshirt. De froulju fan Hearrenfean, de jeugdteams en de eSporters spylje ek mei de nije sponsor op it boarst.

Foto: Dennis Stoelwinder
(advertinsje)
(advertinsje)