Wurkstraf easke tsjin Drachtster (40) dy't neakenbylden hânbalfroulju online sette

06 mrt 2020 - 15:48

Tsjin de 40-jierrige Drachtster, dy't twa jier lyn neakenbylden fan de nasjonale hânbalfroulju op in pornoside sette, is freed in wurkstraf fan 180 oeren easke. Ek kriget de man ien moanne selstraf ûnder betingst, as it oan it Iepenbier Ministearje leit.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hie de bylden fûn op in online foarum. Se kamen fan in bewekkingskamera fan in sauna yn Nederasselt (Gelderlân).

Neakenbylden op pornoside

Neffens de Drachtster koe hy de bylden net iepenje, en hat hy se dêrom op in pornoside set. Fan dy webside hat hy de bylden wer download en dêrnei ôfspile op syn kompjûter. De bylden wiene al yn 2016 makke. It is net dúdlik oft de kamera's fan de sauna hackt wiene of dat ien de bylden lekt hat.

De hânbalfroulju hawwe in soad lêst hân fan it feit dat de neakenbylden op ynternet te sjen wiene. Guon fan har koene neffens de offisier fan justysje in skoft net spylje.

Smertejild

De Drachtster soe neffens it Iepenbier Ministearje oan fiif froulju dy't op de bylden te sjen binne 1.500 euro smertejild betelje moatte. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)