Part fan A7 tusken Wytmarsum en Boalsert trije nachten ticht

06 mrt 2020 - 15:01

Ferkear op de A7 sil de kommende tiid hinder ûnderfine fan wurksumheden. Nije wike is al in part fan de dyk rjochting Boalsert ôfsluten en tarit 15 nei Boalsert en Snits giet mear as in moanne ticht.

De A7 - Foto: Google Street View

Fan tiisdei 10 maart oant en mei tongersdei 12 maart is it stik tusken de ôfritten 16 (Makkum/Wytmarsum) en 17 (Boalsert) alle dagen ticht tusken 19.00 en 6.00 oere. It ferkear wurdt omlaat oer de âlde rykswei, neist de A7. Ferkear rjochting de Ofslútdyk hat der gjin lêst fan.

De hinder fan it wurk by tarit 15 op de A7 is grutter. Fan freed 13 maart oant en mei freed 17 april is dy tarit ticht. Ferkear dat dy tarit brûke wol, wurdt omlaat oer de N31 rjochting Kimswert. Dêr kin it ferkear omdraaie en fierder ride oer de N31/A7.

Reden foar it wurk oan 'e dyk is de oanlis fan de stroomkabel foar Windpark Fryslân.

Trefwurden: 
Boalsert A7 Snits wurksumheden
(advertinsje)
(advertinsje)