Freedsmerk oer ferdieling soarchtaken: "Soarchtaken thús? Ik lit se it leafst oan de frou oer!"

06 mrt 2020 - 14:07

De ferdieling fan soarchtaken tusken manlju en froulju is de lêste jierren kwealik feroare. Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Ek jonge minsken kieze meastentiids it leafst foar de klassike ferdieling: froulju wat mear thús, manlju wat mear bûten de doar. Op de Ljouwerter freedsmerk wie dat lûd ek te hearren.

freedsmerk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"As it net hoecht, doch ik it net", fertelde in man. Syn frou heakke dêrop yn: "Wy ha dêr ek wat mear handigens yn, no?" In oare man wie wol hiel útsprutsen: "Ik bin fan de âlde stimpel." Neffens him is it allegear biologysk bepaald: "Adam en Eva, no? Dat der hieltyd mear froulju oan de macht komme yn it bedriuwslibben, dêr ha 'k eins ek in hekel oan."

Dochs wiene der ek in soad dy't de taken thús earlik en net-klassyk ferdiele. "Myn frou skilderet wol en siert wol iten." In jonge frou seach dat de klassike ferdieling yndie ek hjoed-de-dei noch spilet. Se hie dêr ek wol in ferklearring foar: "Ik denk dat de vrouwen het ook wel naar zichzelf toe trekken. Wij hebben graag overzicht en controle!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk soarchtaken
(advertinsje)
(advertinsje)