Al twahûndert oanmeldings foar Grut Frysk Diktee

Der binne al 200 minsken dy't har oanmeld hawwe foar it Grut Frysk Diktee. Dat is mear as by foargeande edysjes. Sûnt mids febrewaris kinne gadingmakkers op ynternet in kwalifikaasjediktee meitsje.
© Omrop Fryslân
De organisaasje is hiel bliid mei it grutte oantal. Foarsitter Hindrik Sijens tinkt dat dit it effekt is fan de iepenloftedysje fan it Frysk diktee, yn it jier fan Kulturele Haadstêd. Doe diene yn de iepenloft op it Aldehouster Tsjerkhôf mear as 600 minsken mei. Oan it Grut Frysk Diktee yn de steateseal fan it Provinsjehûs kinne 54 minsken meidwaan.

Kwalifisearje kin noch

Minsken dy't meidwaan wolle, kinne harren oant 16 maart online oppenearje troch it kwalifikaasjediktee te meitsjen. Njonken de kandidaten dy't har kwalifisearje, binne der fiif plakjes foar de bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk. It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 21 april hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Live meiskriuwe

It diktee kin thús live meiskreaun wurde. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe't se it der fan ôf brocht hawwe. It diktee hat dit jier as tema Frijheid en is skreaun troch skriuwer en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.