Feanster fytsefabrikant Accell set yn op leasefyts

06 mrt 2020 - 11:59

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean set dit jier flink yn op de leasemerk foar fytsen. It bedriuw sjocht hieltyd faker dat minsken gjin fyts mear keapje foar harsels, mar der ien lease. Dat minsken leaver hiere as keapje docht ek bliken út de populariteit fan fytsabonnemintetsjinten lykas Swapfiets.

Foto: ANP

It bedriuw bea yn jannewaris foar it earst de merken Koga, Batavus en Sparta ek oan foar priveelease. Saaklik lease barde al langer.

Fierder tinkt de fytsefabrikant groeie te kinnen tanksij de oanhâldende fraach nei elektryske fytsen en bakfytsen. Dêrneist wol Accell ek dit jier wer besykje om grutte hoemannichten fytsen te ferkeapjen oan grutte organisaasjes, lykas foarich jier by de Nederlânske plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)