Menamer krijt tsien moannen sel foar ynbraak

In Menamer krijt tsien moannen sel foar twa pogingen ta ynbraken yn wenningen oan de Flecht yn Dokkum en oan de Johannes Kuikenstraat yn St. Anne ferline jier.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fanwege gebrek oan bewiis wurdt de man frijsprutsen fan trije wenningynbraken yn Dronryp en in twadde ynbraak yn St. Anne. De fertrochte hat yn earste ynstaansje alle ynbraken ûntkend, ta hy konfronteare waard mei byldmateriaal om't hy filme wie troch in doarbel mei kamera fan de wenning yn Dokkum.
By de measte ynbraken wie de saneamde 'Bulgaarse methoade' brûkt: ynbrekkers forsearje in silinderslot dat in stikje útstekt. Hoe wol't de auto fan de Menamer in pear kear sinjalearre wie yn strjitten dêr't ynbrutsen is, seach de rjochter net genôch bewiis om de man ek oan de oare ynbraken te ferbinen.
By de ynbraak binne benammen sieraden meinaam. De Menamer hat in strafblêd fan 23 siden dêr't ynbraken en oare fermogensdelikten yn stean.