Chidera Ejuke: "Ik fuotbalje om te dribbeljen"

Chidera Ejuke is ien fan de revelaasjes fan dit seizoen by Sportklup Hearrenfean. Mar ek in spiler mei twa gesichten. Oan de iene kant is it meastentiids smulle fan syn spul en genietet it publyk fan syn aksjes. Mar op oare mominten sjocht hy syn meispilers oer de holle. Dochs is Ejuke dit seizoen tige wichtich. We prate mei Ejuke oer syn wize fan jûchjen, syn dribbels en de Premier League.
Chidera Ejuke 2.0
Ejuke is dizze simmer oernommen fan Vålerenga út Oslo foar twa miljoen euro.
Ejuke skoarde yn de lêste wedstriid tsjin FC Twente de 0-2 en dêrmei syn achtste goal foar Sportklup Hearrenfean dit seizoen. In knappe goal, wêrby't Ejuke him sa as sa faak troch de definsje fan de tsjinpartij wrakselet. Mar de wize fan jûchjen foel ek op. "Ik wie sa bliid, ik tocht: ik doch it gewoan."
Ejuke makke nei syn goal in moaie salto. Oftewol in arabier streksalto. "As jonkje gong ik yn Nigearia faak nei de gymseal. Dêr oefenen we dan sokke dingen. Ik fûn it altyd moai om te dwaan. En hy slagge wol aardich."
Yn de fideo sjochst hoe't hy de salto nochris docht en hoe't turncoach Tjalling van den Berg it beoardielet.
Ik sjoch soms gewoan bettere opsjes as oerspylje.
Chidera Ejuke
Ejuke is in spiler dy't in soad aksjes makket. Sterker noch, hy makket de measte dribbels yn de folsleine earedifyzje: 4,1 de wedstriid en dat is folle mear as bygelyks Mitchell van Bergen, dy't 2,1 dribbels de wedstriid makket.
"Ik hâld derfan om aksjes te meitsjen. Dat is wêrom't ik fuotbalje. Dat is wêrom't ik oait begûn mei fuotbaljen. Ik wol it leafst winne, mar ik wol ek it publyk fermeitsje."
Dochs binne der somtiden sichtber yrritearre meispilers op it fjild, dy't lilk binne as se in bal net krije. "Prate is dan it wichtichste", seit Ejuke. "It is net sa dat ik net oerspylje wol of de bal net ôfjaan wol, mar somtiden sjoch ik it net. Of ik sjoch in bettere opsje fan myn perspektyf út. As ik twivelje, kin ik better foar de aksje gean."
© Orange Pictures

Gemiddelde statistiken de wedstriid yn de earedifyzje

Boarne: Who Scored
Ejuke komt út Nigearia, mar spile noch gjin wedstriid foar it Nigeriaanske team. "As God it wol, komt dat wol goed." Ejuke hat behoarlik wat konkurrinsje yn de oanfal: Ahmed Musa (CSKA Moskou), Alex Iwobi (Arsenal) en Odion Ighalo (Manchester United) binne bygelyks trije Nigeariaanske oanfallers. "De konkurrinsje is grut. Mar ik hoopje wol dat it der oait noch fan komt."
Dan moat Ejuke eins noch de stap meitsje nei in gruttere kompetysje. "Myn dream as jonkje wie altyd om yn de Premier League te spyljen. Dat fyn ik sa'n moaie kompetysje." De kâns is bêst oanwêzich dat der dizze simmer al in transfer komt. Hearrenfean kin it jild goed brûke en dizze winter wiene der al ferskate geroften oer in transfer fan Ejuke nei ûnder oare Olympique Marseille.
SC Hearrenfean - Ajax is dizze wike de Wedstriid fan de Wike. De wedstriid wurdt sneon rjochtstreekS útstjoerd by Omrop Fryslân radio. Kommentator is Arjen de Boer.