Bou nij swimbad Bûtenpost falt 1,2 miljoen euro djoerder út

It nije swimbad yn Bûtenpost wurdt 1,2 miljoen euro djoerder as begrutte. Dat komt troch hegere bou- en ynstallaasjekosten, seit de gemeente Achtkarspelen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders baalt derfan, mar wol de bou wol trochsette.
"Dat de kosten heger útfallen binne, is fansels in ôffaller", seit wethâlder Jouke Spoelstra. "As kolleezje bale we hjirfan, mar we hawwe besletten koers te hâlden, sadat der in kwalitative swimbadfoarsjenning realisearre wurdt."
De gemeenteried beslút op 26 maart oft der ekstra jild frijmakke wurdt. De kosten fan it nije swimbad waarden twa jier lyn begrutte op seis miljoen euro.
De tariedings foar it nije swimbad lizze op skema. It is de bedoeling dat it bad yn it foarjier fan 2021 iepen giet. It nije swimbad wurdt folslein enerzjyneutraal. Sa komme der sinnepanielen op it dak en wurde der oare ynnovative maatregels nommen.
Wethâlder Jouke Spoelstra oer de hegere kosten foar it swimbad