Nije koälysje op It Amelân: AmelandÉén, Algemeen Belang en VVD

06 mrt 2020 - 09:58

AmelandÉén, Algemeen Belang Ameland en de VVD sille in nije koälysje foarmje op It Amelân. Dat hat de riedsgriffier freedtemoarn bekend makke. De partijen hawwe mei-inoar acht fan de alve sitten yn de gemeenteried en dêrmei op papier in flinke mearderheid.

Gemeente It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

De koälysje kriget twa wethâlders: Theo Faber fan AmelandÉén en Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland. Sy hawwe earder ek wethâlder west op It Amelân. Faber en IJnsen sille op de riedsgearkomste fan moandeitejûn foardroegen wurde. Ek it nije koälysje-akkoart wurdt dan presintearre.

Prosesbegelieder Jan Wibiër is bliid mei de nije koälysje. "Mei acht fan de alve sitten is de mearderheid steviger as dy fan de foarige." Ek AmelandEén-riedslid Dirk Metz is entûsjast: "Het was eerst een coalitie met zes zetels. Dat is toch wankel, zo bleek."

Jan Wibiër oer de nije koälysje fan It Amelân

Dat AmelandÉén en Algemeen Belang Ameland in mooglike koälysje foarmje woene, waard healweis febrewaris al dúdlik nei petearen mei Wibiër. De VVD is dêr no as tredde partij bykommen. "Ik bin tefreden oer de útkomst", seit hy. "Dit past by wat de rie de meast foar de hân lizzende basis foar in koälysje fûn."

Metz sei te hoopjen dat de polityke rêst werom komt op it eilân. "En daar ben ik ook best wel positief over. Deze drie partijen zitten op één lijn over de belangrijkste onderwerpen, zoals de vaargeul, ouderenzorg en woningbouw."

Riedslid Dirk Metz fan It Amelân

Der wie in nije koälysje nedich op It Amelân om't yn jannewaris de koälysje fan AmelandEén mei de PvdA de mearderheid ferlear. Dat barde nei't it PvdA-riedslid fuortgie en ein jannewaris beide wethâlders opstapten.

(advertinsje)
(advertinsje)