Bysûndere Burgumer oarlochsfoto's foar it earst te sjen
It wie in wichtige fynst foar de skiedskriuwing fan Burgum: sechstjin Dútske foto's fan de Twadde Wrâldoarloch, naam yn it Fryske doarp. Amateurhistoarikus Siebe Siebenga kaam se yn 2015 op it spoar, en dit jier sille se foar it earst toand wurde oan it publyk.
It binne foto's dy't in byld fan kalmte en geselligens útstrielje. De sechstjin Dútske oarlochsfoto's fan Burgum. Fan byltenissen fan in Dútsk muzykkorps, oant in laitsjende soldaat dy't op in houten stoel wat yn lytse stikjes snijt. "It binne foto's dy't makke binne troch in Dútske soldaat, dy't as lid fan de Kriegsmarine hjir legere wie", fertelt argivaris Schelte de Beer, fan de gemeente Tytsjerksteradiel. "Wy tinke dat de foto's nei syn dea by in samler telâne kaam binne."
It bestean fan de foto's wie lange tiid net bekend yn Burgum, oant amateurhistoarikus Siebenga yn 2015 de steapel histoaryske byltenissen ynienen tsjinkaam op de ynternasjonale feilingsite Ebay. "It nuvere wie, ik fûn it op de namme Burgum", fertelt hy, wylst hy troch de foto's hinne blêdet.
Burgum wie yn 'e tiid fan de Twadde Wrâldoarloch noch bekend ûnder de Nederlânske namme Bergum. "It wie dêrom hiel spannend oft it yndie gean soe om foto's fan Burgum sels. We moasten âlde foto's fan Burgum derby hâlde, om nei te gean oft it yndie om ús doarp gie. Dan hiene we nammentlik unyk materiaal, want we hiene mar ien foto fan Dútske soldaten yn dizze gemeente."
Soad Dútsers
Neffens histoarisy sieten yn Burgum yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch in hiel soad Dútsers. Fanwegen de strategyske lizzing fan it doarp oan it wetter, wie it in perfekte útfalsbasis foar de Kriegsmarine.
De Beer pakt der in pear dokuminten by, dy't in ynventaris sjen litte fan de beskikbere sliepplakken yn it doarp. Al dy Dútske soldaten moasten nammentlik earne ûnderbrocht wurde. Sa begjint de list mei hotel 'De Drie gekroonde Baarzen', dêr't yn totaal sechstich manskippen ûnderbrocht wurde koene. Mar ek skoallen en ferieningsgebouwen stiene op de list, alles om de tsientallen Dútsers earne ûnder te bringen.
Speurwurk
De gemeente Tytsjerksteradiel hat in spesjaal potsje mei jild foar eventuele oankeapen foar it argyf. Dit is neffens argivaris De Beer lykwols gjin fetpot, en dus moast der goed sjoen wurde of de Dútske foto's yndie yn Burgum naam waarden.
"Dat wie noch in hiel karwei", fynt speurneus Siebenga. Hy pakt ien fan de foto's derby, in muzykkorps foar in gebou. "Hjir sjochst in lyts fragmint fan in skoalle", seit hy wizend op de eftergrûn op de foto. "En dus wie de fraach: hokker skoalle is dit? No sjochst op in oare foto noch in lyts puntsje fan in oar dak, en dat wie De Beuk: de Kristlik Nasjonale Skoalle yn de Skoallestrjitte."
Troch de ruten en stiennen te tellen, koene beide manlju úteinlik de konklúzje lûke dat it yndie gie om in foto dy't naam wie yn Burgum.
De foto's binne neffens de historisy wichtich, krekt omdat se in oar byld jouwe fan de Dútsers. "It wiene net allegear ferkearde jonges. Der wiene inkelde ferkearde, mar it wiene net allegear 'supernazi's'. En krekt dêrom wolle de beide manlju graach dat de foto's tentoansteld wurde.
"Dat wy it ferhaal wer trochjouwe." De tentoanstelling sil yn de moannen april en maaie te besjen wêzen yn de ûntfangsthal fan it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel. Dêrneist meie de foto's fergees brûkt wurde, salang't it net foar kommersjele doeleinen is.
Yntusken giet Siebenga troch mei it ynternet ôfspeuren nei mear ûnbetelbere stikjes skiednis. De sechstjin Dútske foto's binne nammentlik ûnderdiel fan in kolleksje fan 40, dus der is noch wol wat te finen....