Kollum: "Hippelepip"

"Ferline wike haw ik al efkes neamd dat ik in miny-trampoline kocht haw om hooplik sa wer in bettere kondysje te krijen. It gie nammentlik net sa bêst want sûnt novimber hie ik it iene akkefytsje nei it oare. It begûn dermei dat ik op in jûn hast útglide soe by de hynders, mar ik koe myn lykwicht krekt op 'e tiid werstelle. Dochs die alles my dyselde jûns sear, sels it sitten op 'e luie stoel.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ik tocht dat ik de gryp krije soe en ik hie hielendal de link net lein mei it útgliden. Letter al, want ik waard net siik en krige ek gjin koarts, mar ik koe my amper mear bewege, dus op nei de fysioterapeut. Hy hat my goed neisjoen en aldergeloks gie it dêrnei wer better. Mar dat duorre net sa lang want op âldjiersjûn siet ik yn 'e hoksen om eat fan 'e grûn te krijen en doe't ik oerein kaam, skeat it my yn 'e rjochterheup en koe ik amper mear rinne.
Ek dat is wer goedkommen mei help fan de fysio en op in bepaald momint hie ik wer genôch enerzjy om it plafond yn 'e bykeuken te himmeljen. Ik wie suver grutsk op mysels mar in dei letter wie it wer mis en hie ik it gefoel as siet der in oaljefant op myn skouders. De fysioterapeut hie it mar drok mei my en ik baalde der freeslik fan dat ik om elts skytwysjewasje út balâns rekke. Ta ferheging fan de feestfreugde waard ik ek nochris snotferkâlden, wylst ik dat al jierren net west hie dus it roer moast om.
No is de oergong ek in oanslach op spieren en gewrichten, mar sokke ekstreme reaksjes op sokke simpele hannelingen fûn ik net normaal. Ik haw der ek in hekel oan om ôfhinklik te wêzen en dat bist wol ast dy amper mear bewege kinst. Aldergeloks wiene Jelle en de bern rûn de krystdagen in soad thús, mar ik moast dochs echt in wize betinke om wer wat sterker te wurden.
Ik haw earst myn bloed prikke litten en dêr kaam út dat myn izer te leech wie en dat is wol te begripen ast trije wiken ûngesteld bist. Myn fitamine D wie wol goed, mar net hiel heech, dus dat haw ik ek mar oantúgd, lykas magnesium, fiskoaljepillen en in goede multy-fitamine. Dy wie al in skoft op en ik fergeat hieltyd nije te bestellen. Ek dat is in oergongskwaal, dingen ferjitte.
Wer gie it ek alwer oer, o ja, oer mysels. Ik hie mei de fysio bepraat dat ik miskien mar wer serieus sporte moast. Yn in sportskoalle, mei beglieding. Ik rin wol alle dagen, mar der wie mear nedich as in blok om mei de hûnen. Dochs seach ik it hielendal net sitten om nei de sportskoalle te gean want as ik earne hinne moat, dan bin ik eins al beroerd en doe tocht ik ynienen oan in minytrampoline.
It springen op in trampoline aktivearret de stofwikseling en fetferbrâning én hat in low-impact op dyn spieren en gewrichten troch de fearring. It is ek hiel goed foar it lymfatysk systeem mar ek foar de rêch, de búk- en bekkenboaiumspieren, ensafh. En op YouTube stiet in ferskaat oan filmkes mei oefeningen dy't je neidwaan kinne, dus it kin eins net mislearje.
Ik moast der wol oan wenne en de earste kear waard ik suver seesyk, mar dat gie hiel gau better. Myn wrakke bealch fielt wer in stik liniger dus foar de froulju (of manlju) dy't leaver ek net nei de spoartskoalle geane mar al mear bewege moatte: Net stinne, mar springe!"