Eanjumer enerzjykoöperaasje organisearret temajûn oer wetterstof

06 mrt 2020 - 07:01

Wat kin wetterstof yn de takomst betsjutte yn ús enerzjyfoarsjenning? Dy fraach wurdt freedtejûn beäntwurde yn it doarpshûs fan Eanjum. Enerzjykoöperaasje De Anjumer Eendragt organisearret dizze jûn foar ynwenners fan it doarp en oare belangstellenden.

Foto: Shutterstock

"Het is een stof die heel veel op aarde voorkomt, het is onderdeel van water. Water bestaat uit waterstof en zuurstof en die twee kun je splitsen. Als je die twee gesplitst hebt en daarna weer bij elkaar brengt, kan dat energie opleveren", leit Emile Hendriks fan de koöperaasje út.

Neffens him kin it wetterstof op twa wizen brûkt wurde. "Je kan het bij elkaar brengen en dan komt er warmte vrij. Dan kun je rechtstreeks je cv-ketel ermee stoken." Oare opsje is om it wetterstof te ferbaarnen yn in saneamde brânstofsel. "Daar kun je elektriciteit mee opwekken."

Saakkundige

Sprekker op de ynfojûn is professor Ad van der Wijk. Hy is saakkundige op it mêd fan enerzjyneutrale saken en wit in soad oer wetterstof en hoe't dit brûkt wurde kin yn de striid foar in enerzjyneutraler belied. "Hij is al jarenlang bezig met het verduurzamen van Nederland, onder andere waterstof. Hij heeft ook veel betekend voor de waterstofideeën die nu rondgaan."

De koöperaasje is ek dwaande Eanjum enerzjyneutraler te krijen en wol ûnder mear sinnepanielen pleatse. "Die we samen met de bewoners financieren en waarvan de opbrengst ook gedeeld wordt door de participanten." Neffens Hendriks binne de ynwenners fan Eanjum wol waarm te krijen foar de plannen. "Niet iedereen is direct voorstander van de plannen, maar iedereen begrijpt wel dat er iets gedaan moet worden."

(advertinsje)
(advertinsje)