Ferjitten fersetsfrou Ruth de Jonge krijt mooglik in earbetoan

06 mrt 2020 - 06:22

Ruth de Jonge, har heit, mem en twa broers wennen oan it Saailân yn Ljouwert. Sy hiene dêr in masinefabryk. Foar de oarloch wie de famylje al ferhûze fan Dútslân nei Ljouwert, út eangst foar it opkommende nazi-rezjym.

Ruth de Jonge doe't sy 20 jier wie - Foto: Omrop Fryslân

Yn 1942 kaam de brief dat de Joadske famylje De Jonge har melde moast foar transport nei Westerbork. Sy dûkten ûnder en krigen dêrby help fan fersetsman Krijn van der Helm. Ruth gie net mei, sy bleau by de húshâlding fan Krijn van der Helm. Hy beluts har by it fersetswurk. Sy sochten ûnderdak foar Joadske bern en Ruth brocht itensbonnen by de pleechgesinnen.

Erkenning

Krijn van der Helm is deasketten yn augustus 1944. Ruth de Jonge oerlibbe de oarloch en emigrearre nei Amearika. Sy is no 99 jier âld. Har dochter Rachel fersoarget har. De famylje fan Ruth hat al dy jierren neat witten fan har rol yn it ferset.

Nei oanlieding fan de ferhalen fan it projekt De terugkeer van de Joodse kinderen binne Friedi de Jonge, in tantesizzer fan Ruth, en har man Robert Verhoeven, begûn te sykjen. Ut in kistke fan Friedi har mem, mei papieren en foto's út de oarloch, waard folle mear dúdlik oer it wurk fan Ruth. De famylje hopet op erkenning en in mooglike ûnderskieding.

Ruth de Jonge, 99 jier - Foto: Foto fan de famylje de Jonge

In wurdfierder fan de gemeente Ljouwert neamt it 'een buitengewone situatie'. Hy seit dat der goed neitocht wurdt oer in passend earbetoan. Mooglik komt der wat by it pân oan it Saailân, dêr't de famylje eartiids wenne hat. Doe wie it in masinefabryk, no sit der in fytsestalling yn. It bedriuw fan de famylje De Jonge bestiet noch, dat is no Jongia Mixing Technology.

It hûs en it masinefabryk fan de famylje De Jonge oan it Saailân - Foto: Foto fan de famylje de Jonge

Yn in ynterview fertelle Friedi de Jonge en har man Robert Verhoeven oer harren tante Ruth de Jonge. Sy litte sjen wat der yn it kistke sit oan oarlochsdokuminten. Freed om 17.00 oere kinne jo in reportaazje sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. Snein 8 maart folget in langer ynterview yn it radioprogramma Buro de Vries. It ferhaal stiet sneon ek yn de bylagen fan beide Fryske kranten.

'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in mienskiplik projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar en de Fryske media. Alle ferhalen stean op de websiden fan Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.

(advertinsje)
(advertinsje)