Aris krekt foar de ein foarby Weert en is werom yn de striid om play-offs

05 mrt 2020 - 22:01

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn in wichtige winst boekt op Weert. Yn Limboarch waard it 59-60 wêrtroch't de Ljouwerters tichterby in plak komme dat rjocht jout op de play-offs.

Foto: Aris Ljouwert

De Ljouwerters begûnen de wedstriid mei in lytse foarsprong fan 14-18 oan de ein fan it earste kwart. Weert kaam yn it twadde part stadichoan wat tichterby en kaam efkes lyk op 28-28, mar Aris gie dochs mei in 28-34 foarsprong it skoft yn.

Yn it tredde kwart kamen de Limboargers gau werom yn de wedstriid. Sy makken lyk en kamen sels efkes op foarsprong, mar Aris wist krekt foar de ein fan it kwart wer op foarsprong te kommen: 41-48.

Weert kaam yn it lêste diel werom ta 48-50, wêrnei't de Ljouwerts wer útrûnen. Mei noch in heale minút te gean wie it lykwols al wer lyk: 59-59. Mei noch fjouwer tellen te gean makke Mazurczak dochs noch de winnende 59-60.

Play-offs komme tichterby

Aris docht goeie saken troch de Limboargers te ferslaan. Om de play-offs te heljen moat it sechde plak helle wurde. Aris stiet achtste en komt troch de winst op twa punten fan nûmer seis Weert.

Trefwurden: 
Aris basketbal Weert
(advertinsje)
(advertinsje)