Op 'e nij asbest fûn by sloop skouboarch Trebol yn Harns

05 mrt 2020 - 21:52

De sloop fan de âlde skouboarch Trebol yn Harns hat tongersdeitemiddei op 'e nij stillein om't der asbest fûn is. Dat hat de FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing befêstige. Twa wike lyn wie dat ek al it gefal. De FUMO hat dêrnei nei it asbest sjoen en sein dat it fuorthelle wurde kin.

Trebol yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De sloop kin freed fierder gean. Yn âlde gebouwen komt it faker foar dat der asbest fûn wurdt. Faaks komt dat pas oan it ljocht as de sloop al úteinset is. De asbest yn Trebol wie net gefaarlik foar de sûnens.

Trefwurden: 
Harns asbest sloop Trebol FUMO
(advertinsje)
(advertinsje)