Foto's ûnder brêgedekken: Súdwest-Fryslân troch de eagen fan ynwenners

05 mrt 2020 - 21:35

Under de brêgedekken yn Súdwest-Fryslân binne takom farseizoen 20 foto's te sjen dy't makke binne yn it ramt fan in fotowedstriid. Dy is organisearre troch VVV Waterland van Friesland, dy't mei de aksje ynwenners grutsker meitsje wol op it lânskip en toeristen fermeitsje wol. In sjuery hat de 20 foto's út 700 ynstjoeringen keazen.

Foto: VVV Waterland van Friesland

De foto's komme grut ûnder de brêgen te hingjen en binne te sjen as de brêgen iepen geane. Sa moatte minsken troch de eagen fan de fotograaf nei Súdwest-Fryslân sjen. Ek komme der Fryske wurden by de foto's, lykas moarnsdize ('ochtendmist'), sinneblink ('het moment van de zon die doorbreekt') en 'skoander' ('voortreffelijk'). Dat wurdt dien om de taal en identiteit fan Fryslân sjen te litten.

De foto's binne tongersdei presintearre en se komme ek yn de gemeentehuzen fan De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân te hingjen.

(advertinsje)
(advertinsje)