Ferkearskontrôle op It Amelân: bestjoerder rydt 131 op in dyk fan 80

De plysje fan Amelân hat woansdei en tongersdei in ferkearskontrôle útfierd op it eilân. Dêr binne sân minsken bekeurd dy't de tastiene snelheid mei 30, 32, 34, 37, 43 en sels ien mei 51 km/o te boppe giene. De kontrôle wie op in dyk dêr't mar 80 km/o riden wurde mei. Fan de persoan dy't mei 131 km/o oer de dyk ried, is it rydbewiis ynfoardere.
© Shutterstock.com (Ivonne Wierink)
Fierder hat de plysje fiif kear konstatearre dat der in telefoan fêstholden waard yn in auto, in autogurdel net om wie en in kentekenplaat fan in oanhinger ûntbruts. Ek dizze bestjoerders hawwe bekeuringen krigen.