Oanpak N351: ovatonde foar Aldeholtpea en bypass by Wolvegea

De provinsje set útein mei in projekt om de ferkearsfeiligens op de N351 oan te pakken. Yn de maitiid begjint it wurk tusken Easterwâlde en Wolvegea. Krúspunten moatte feiliger en de autowei krijt in nije laach asfalt. Fierder komt der by Aldeholtpea in ovatonde en by Wolvegea in bypass.
De N351 by Aldeholtpea © Google Street View
Op it krúspunt yn de N351 op 'e hichte fan Aldeholtpea komt in saneamde ovatonde. Neffens de provinsje is de ûntsluting fan de provinsjale dyk nei Aldeholtpea en De Hoeve net feilich genôch. Dêrom komt der in ovatonde: in lykflierse krusing yn de foarm fan in ovale rotonde. Healwei april set dit wurk útein, dat sil goed seis wiken duorje. It ferkear kin der wol del, mar der kin der wat lêst fan hawwe.
Yn juny wurdt der by Wolvegea in saneamde bypass by de rotonde by Van der Valk oanlein nei de rûnwei Om Den Noort. In soad frachtferkear rydt fia de Lycklamawei troch it sintrum. De gemeente wol frachtweinen just út it sintrum wei hawwe, dêrom jouwe sy opdracht ta it oanlizzen fan de bypass.