Nije stichting 'Fluit en Kruid' wol bioferskaat yn Weststellingwerf

05 mrt 2020 - 20:21

Om't GrienLinks Weststellingwerf him soargen makket oer it bioferskaat yn de gemeente, hat de fraksje it inisjatyf nommen om in ûnôfhinklike stichting op te setten: Fluit en Kruid Weststellingwerf. Dizze stichting wol him ynsette foar bygelyks mear blommen yn bermen, it op in natuerlike wize bestriden fan de ikeprosesjerûp en it entûsjasmearjen fan ynwenners mei tips, aksjes en projekten.

Foto: Shutterstock.com (Marek Mierzejewski)

De stichting is oprjochte yn Wolvegea en it bestjoer bestiet út Jacqueline Koopmans, Jeroen Dobber en Henri Wesselink. Sy wolle ek gearwurking sykje mei pleatslike belangen, skoallen, fûgelwachten en de gemeente.

Jeroen Dobber, Gaby Thijssen, Jacqueline Koopmans, Henri Wesselink, Abe Drijver en Ray Bonnier - Foto: Stichting Fluit en Kruid Weststellingwerf
(advertinsje)
(advertinsje)