Undersyk nei restanten fan medisinen yn de Waadsee

05 mrt 2020 - 20:10

Der soe eins mear sjoen wurde moatte nei wat restanten fan medisinen dogge mei it libben yn de Waadsee. Dat is ien fan de advizen dy't netwurkorganisaasje Programma Naar een Rijke Waddenzee jaan sil oan Rykswettersteat.

De Waadsee - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Sy dogge dat nei in twatal ferkennende ûndersiken nei dizze problematyk. It spul komt troch it swiete binnenwetter yn it sâlte seewetter. As je dus útrekkenje op hokker plakken it Waadwetter it swietst is, dan kinne je dêr de measte restanten fan medisinen ferwachtsje. Dat binne it Eems-Dollard gebiet en it Waad by de Ofslútdyk, dêr't in soad Iselmarwetter spuid wurdt. Nei de ynfloed fan medisinen op it libben yn see is noch mar in hiel lyts bytsje ûndersyk dien.

Untstekingsremmers en epilepsy-medisinen

As foarbyld fan it soarte medisinen dêr't it hjir om giet, binne twa stoffen folge. Ien dy't yn in soad brûkte ûntstekkingremmers sit en in oare dy't yn in medisyn brûkt wurdt tsjin epileptyske oanfallen. Fan ien is der ek in ûndersyk bekend wêrby't it spul min útpakt foar moksels. En dat is ek ien fan de oanbefellingen: ûndersykje moksels op medisineresten. Wat fierder ûndersyk wol minder maklik makket, is dat Rykswettersteat wolris op mear plakken it wetter bemeunstere hat as no it gefal is.

(advertinsje)
(advertinsje)