Moatte der rjochtlinen fan de polityk oer bistewolwêzen komme?

05 mrt 2020 - 18:31

Boeren hawwe hieltyd mear oandacht foar bistewolwêzen. Mar de kleau tusken boeren en boargers soarget derfoar dat der net genôch oer bekend is, seit lânboufoarljochter Michiel Meindertsma fan it bedriuw Landbouw Voorlichtings Dienst. Hy reagearret dêrmei op in diskusje oer bistewolwêzen dy't woansdei opbrocht waard troch de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten.

Foto: Shutterstock.com (Miriam Doerr Martin Frommherz)

De Partij voor de Dieren komt mei in foarstel om it bistewolwêzen te ferbetterjen. It foarstel makket gjin kâns yn de Steaten mar set it fraachstik fan bistewolwêzen wol wer op de politike aginda.

Rjochtline

Ek Meindertsma is gjin foarstanner fan it foarstel fan de Partij voor de Dieren. Mar hy begrypt wol wêr't it wei komt en wat der barre moat. "In rjochtline is altyd goed, mar ik wit net oft dy út de polityk komme moat. Ut de wetjouwing is der gjin rjochtline, mar dy komt der fansels. Bygelyks út de suvel, der binne in soad systemen foar tafersjoch bygelyks it brûken fan antibioatika."

Regeljouwing

Meindertsma: "Der binne strange easken foar de suvel. Wolle wy in goed ynkommen hâlde en suvel fan hege kwaliteiten leverjen bliuwe, dan moatte wy dêryn meigean. Boeren wolle dat ek wol, al is it oant in bepaald punt. Mar de agraryske wrâld wurdt wol oerspield mei regeljouwing. Al jierren. Hoe kin men dêr fluch op ynspylje? Je kinne net ynienen it stâlsysteem feroarje."

Neffens him soene minsken better witte moatte wat der spilet yn de agraryske wrâld. "De bân boer-boarger is yn de rin fan de jierren minder wurden. Dat moat wer oars. De boarger hat in hiel oar byld fan de werklikheid as dat it is."

Michiel Meindertsma fan de Landbouw Voorlichtings Dienst

(Advertinsje)
(Advertinsje)