Hat Kollum ynkoarten in eigen Eiffeltoer?

05 mrt 2020 - 18:02

It kin samar wêze dat we dizze simmer net nei Frankryk hoege om de Eiffeltoer te sjen. It is nammentlik de bedoeling dat dy yn juny yn it sintrum fan Kollum stiet, op de Foarstrjitte. Wol in replika fansels, fan goed 29 meter. Dat is ien fan de plannen fan Stichting Kollumer Oproer, dy't yn juny in Eiffeltoerfestival organisearje sil.

Sa moat dat der úteinlik ûngefear útsjen - Foto: Erie Dam

It Eifeltoerfestival moat de opfolger wurde fan Salomon Levy, it iepenloftspul dat ôfrûne jier yn Kollum opfierd waard.

"Wat we ferline jier meimakke hawwe mei teäterstik Salomon wie in werjefte fan de striid tusken it 'Oranjegezinde' diel en it Frânske diel. En wat is der dan mear tekenjend foar de Frânsen dan de Eiffeltoer. Dat is harren landmark", seit koördinator fan it festival Bouke Koning.

Op it festival binnen mear as fyftjin aktiviteiten. It doarp wurdt opdield yn twa dielen: in 'Oranjegezind' part en in Frânsk part. Yn dy ferskillende parten sille je echt it ferskil belibje. "En miskien moatte de soldaten der ek noch wol oan te pas komme", seit Koning.

Feiligens foarop

De toer wurdt in stielen konstruksje fan 29 meter heech. "Dat is wol echt in hiel ein. Dan is feiligens wol wat dat we hiel goed yn it each hâlde moatte. Stiet it stevich, wat docht der as der in flinke wyn komt te stean, oare waarynfloeden, ynfloeden fan de grûn ôf. Der wurdt echt hiel bot rekkene troch saakkundigen om te sjen hoe de konstruksje der útsjen moat en hokker materialen we presys nedich hawwe."

Nije wike moatte dy berekkeningen klear wêze. Yn de wiken dêrnei hopet de organisaasje definityf grien ljocht te krijen foar de toer.

Koördinator Bouke Koning oer it Eiffeltoerfestival

Trefwurden: 
Kollumer Oproer Eiffeltoer
(advertinsje)
(advertinsje)