Skills the Finals: "Als ik bezig ben zit ik in mijn eigen bubbel"

05 mrt 2020 - 17:45

Sa'n 1000 (v)mbo'ers geane mei-inoar de striid oan, wa wurdt de bêste kok, blommist of mitselder fan Nederlân? Yn mear as 50 beroppen yn it (v)mbo wolle studinten de bêste fan dit NK wurde. De striid is woansdei úteinset yn it WTC Expo yn Ljouwert. Freed is de finale fan dizze striid.

Foto: Omrop Fryslân

Tongersdei is de dreechste dei fan de trije dagen. Melissa Tonkers is studinte Schoonheidsspecialiste. "Hier keek ik het meeste tegenop wel. Ik heb vandaag intensieve massages, rugbehandelingen en benen harsen gedaan", fertelt sy.

Melissa makket har klear foar de finale op freed. "Ik heb heel veel zin in morgen. De zenuwen voel ik nog niet, maar ik denk morgen wel extra", seit sy. "Tijdens de finale ben ik bezig met make-up en het lakken van nagels op handen en voeten. We zitten ook elke dag op verschillende plekken, zodat mensen uit verschillende hoeken het kunnen volgen. Ik weet nog niet waar ik morgen zit. Maar dat maakt mij niet uit. Wanneer ik bezig ben zit ik in mijn eigen bubbel en krijg ik niets van de omgeving mee."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei Melissa Tonkers

Ek Ruben makket him klear foar de finale. Hy is studint fan de koksoplieding. "Ik ben nu al bezig voor morgen. Ik heb nu tijd over en alles wat je de dag ervoor kunt doen is mooi meegenomen." Ruben is sels wol tefreden oer hoe't it giet. En syn coach noch folle mear. "Het gaat fantastisch. Het is echt een heel hoog niveau!", fertelt Roel Dijkstra.

Ferline jier waard Ruben fjirde fan hiel Nederlân, dus hy is no ekstra motivearre om no dochs earste te wurden. "Er is altijd een kans dat ik eerste word." "Maar er zitten zoveel haken en ogen aan de puntentelling, je weet het nooit", follet syn coach oan.

Jeroen Boersma praat mei studint Ruben en syn coach Roel Dijkstra

(advertinsje)
(advertinsje)