Sân fertochten fan ynternasjonale drugshannel langer fêst

De sân fertochten dy't ôfrûne moandei oanhâlden binne yn Fryslân foar in ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel, bliuwe de kommende 14 dagen fêst sitten. Der binne ôfrûne moandei ûnder oare ynfallen dien yn Ljouwert, Harns, Noardburgum en Westergeast. Trije fertochten binne lid fan ferbeane motorklups.
© De Vries Media
Alle fertochten sitte yn beheining, dat betsjut dat de fertochten allinnich kontakt hawwe meie mei harren advokaat. Ofrûne tiisdei is in achtste fertochte oanhâlden, dizze wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
Om't de fertochten yn beheining sitte en der mear oanhâldingen ferwachte wurde, wurdt der foarearst net mear ynformaasje bekend makke troch it Iepenbier Ministearje.