FIDEO: Fryske bedriuwen nimme maatregels tsjin coronafirus

Ferskate Fryske bedriuwen en ynstellingen skerpe harren maatregels tsjin it coronafirus oan. Sa moatte meiwurkers fan de GGZ dy't út besmette lannen komme, thús bliuwe. It callcenter Cendris yn Ljouwert siket meiwurkers foar it beäntwurdzjen fan fragen. Húsdokters en GGD's ferwize troch nei dit nûmer, dêrom is der in soad drokte. En FrieslandCampina hat ek maatregels nommen: mear wurknimmers wurkje thús en der steane minder bûtenlânske reizen op de planning.
Fryske bedriuwen nimme maatregels tsjin coronafirus